Aris ferslacht Omniworld: 81-73

© Omrop Fryslân
Basketballclub Aris út Ljouwert wûn sneon yn eigen hûs mei de nedige muoite fan Omniworld-2 út Almere. Omniworld naam yn it begjin fan 'e wedstriid de lieding, mar nei in donderspeech fan coach Simpson yn 'e rêst diene de Ljouwerters it in stik better.
Topskoarers by Aris wiene Andy Erickson (20 punten), Krum Toshev(17), Maarten Huizinga(16) en Hans Logtenberg(16). Aris is koprinner yn 'e promoasjedivyzje.