Blau-Wyt te sterk foar SCO

© Omrop Fryslân
De Fryske kuorbaltopper yn 'e oergongsklasse C waard snein mei 15-9 wûn troch Blau-Wyt fan it Hearrenfean. Yn 'e earste helte koe SCO fan Aldeholtpea noch aardich bybliuwe. De stân by it skoft wie 6-4.
Troch de winst bliuwt Blau-Wyt koprinner yn 'e oergongsklasse. It fjild fan Blau-Wyt wie dreech te bespyljen. De Hearrenfeanster kuorbalclub stribbet dan ek nei de oanlis fan it keunstgersfjild.