Brânwacht Oerterp 5de op NK
It brânwachtkorps fan Oerterp is dit wykein fyfde wurden by de nasjonale brânwachtkampioenskippen yn Maasdam. De wedstriid bestie út it assistearen by it blussen fan in grutte brân yn in gebou. Op basis fan 'e blustaktyk en de wize fan kommunisearjen mei it oare korps waard bepaald hokker team it bêste wie.
It brânwachtkorps fan Oerterp is tefreden oer it fyfde plak en wol sels ek wolris in wedstriid organisearje.