500 dielnimmers survival-run

© Omrop Fryslân
11 kilometer drave ûnderbrutsen troch hindernissen, in soad klimwurk, oan in kabel hingje, in evenwichtsbalke, houthakke en sprongen oer of yn it wetter. Dat is de survival-run, dy't snein plakfûn yn Ljouwert. It parkoers waard ôflein troch 500 dielnimmers, wêrûnder 100 bern.
By de manlju wie Zwaan fan Dronten de fluchste. By de froulju wûn Sylvie Klein Goldewijk. Ytsje van der Burg fan Hijum waard hjir twadde.