Boarnsterhim sil besunigje

05 okt 2003 - 00:00

De brêgen minder iepen, de âlderbydrage foar pjutteboartersplakken omheech en minder ûnderhâld oan diken. Dat binne trije fan de 56 besunigingsútstellen fan de gemeente Boarnsterhim.

De gemeente moat 1,8 miljoen euro snije yn it budzjet. De maatregels dy't no foarsteld wurde, komme út op 2,1 miljoen euro. Dat betsjut dat de gemeenteried noch trije ton romte hat om te skowen of te skrassen yn 'e besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)