Knopper matchwinner Hearrenfean
Tanksij in ôfstânsskot fan Richard Knopper wûn SC Hearrenfean sneon fan RKC Waalwijk. SC Hearrenfean begûn sterk oan de wedstriid en spile folop op de oanfal. Mar benammen Sibon, Seip en Selakovic misten kânsen. Flak foar rêst passearde Knopper RKC-keeper Sinouh fan twintich meter.
Yn 'e twadde helte krige benammen it talint Correia in pear kânsen op 2-0, mar hy wist net te skoaren. Troch de winst op RKC stiet Hearrenfean 4de.