3-0 foar Harkemase Boys

04 okt 2003 - 00:00

De Harkemase Boys wiene sneon te sterk foar de oare sneonsamateur-haadklasser Nunspeet. De einstân kaam te stean op 3-0 foar de Boys. Alwin Kooistra makke it earste doelpunt, letter skoarde Tony Alberda noch twa kear.

Yn de earste helte wiene de Harekieten dúdlik sterker, mar slagge it net om te skoaren. Alberda besocht te skoaren út in foarset fan Lúdzen Hoogenberg, mar rekke in spiler fan Nunspeet. Letter koe de druk omset wurde yn doelpunten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)