Barbie yn museum

© Omrop Fryslân
Barbie is fjirtich jier yn Nederlân. It museum Willem van Haren op It Hearrenfean jout der yn in útstalling omtinken oan. De eksposysje om de populêre Amerikaanske pop hinne is freed iepene.
Yn it museum kinne fans mei Barbie op de foto, se kinne nei poppeteater en workshops dwaan om sels in Barbie te meitsjen. Histoarika Len Winkelman hat útstalling gearstald. It is oant 1 desimber te sjen.