Langman: plan kabinet net goed

© Omrop Fryslân
It skrassen fan ekstra finansjele middels foar de ûntwikkeling fan Noard-Nederlân is riskant. Dat seit Langman oer it plan fan it kabinet mear jild oan de Ranestêd te besteegjen. Om't it min giet mei de ekonomy yn it swakke Noarden moat der neffens him krekt ekstra stipe komme.
Langman wie foarsitter fan in kommisje dy't fûn dat it Noarden ekstra jild fan it Ryk krije moast. Dat jild wurdt omskreaun as de Langmanjilden.