Plysje nei rjochter om ATFskea

© Omrop Fryslân
Twa plysjeminsken binne slim siik wurden fan de ATF-brân yn Drachten yn 2000. It plysjebûn ACP wol nei de rjochter stappe om in skeafergoeding te easkjen. Ien plysjeman is noch hieltyd net folslein oan 't wurk. De oare moat noch medisinen ha.
By de brân by de ôffalferwurker is 480 ton gemysk ôffal ferbrând. Ein novimber moatte de direkteuren en meiwurkers fan it bedriuw foar de rjochter ferskine foar har belutsenheid by de brân.