Balk krijt 400 nije huzen

© Omrop Fryslân
Balk krijt der binnen tsien jier 400 nije huzen by. De gemeente Gaasterlân Sleat wol oan de noardeastkant fan it doarp in nije wenwyk mei hierhuzen en frije kavels bouwe. De wenningen binne nedich om it ambisjeuze sintrumplan foar Balk mooglik te meitsjen.
Yn dat plan sit in nije bibleteek, in doarpshûs en in jeugdsintrum. Fan de provinsje mei Balk noch net 400 huzen bouwe. De wethâlder hopet deroer noch ôfspraken te meitsjen mei de provinsje.