'F16's Twente moat nei Ljouwert'

03 okt 2003 - 00:00

As de Fleanbasis Twente tichtgiet, moat it squadron F16's oerpleatst wurde nei Ljouwert. Dat fynt de wurkjouwers-organisaasje VNO-NCW-Noard. Ljouwert soe der dan 300 nije banen by krije. De kânsen foar Ljouwert binne geunstich, want dan hoege de fleantugen net mear oer Midden-Nederlân.

Volkel makket ek noch steat op it ekstra squadron. Mar dy basis hat gjin MER-fergunning foar ekstra fleanoeren en sadwaande hat Ljouwert mear kânsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)