'Selsmoard asylsiker skuld IND'

© Omrop Fryslân
De selsmoard fan in âld-asylsiker út Ljouwert is yndirekt de skuld fan de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjint. Dat makket syn advokaat bekend. De 34-jierrige Donorov út 'e Oekraine hie psychyske problemen en wie suicidaal, mar waard troch de IND dochs it lân útset, nei it lân fan herkomst, Spanje.
De útsetting wie tsjin it sin fan 'e psychiater. De Oekrainer kaam yn 2001 nei Nederlân en wenne de lêste tiid yn it Ljouwerter azc Burmania.