Nijpels 'net ûntefreden'

© Omrop Fryslân
Net tefreden, net optimistysk, striidber mar ek net ûntefreden. Mei dy wurden beskreau Kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels syn gefoel nei it oerlis mei it kabinet. Nijpels is wiis mei it befestigjen fan allerhanne ôfspraken út it Langman-akkoart.
Nijpels makket him wol soargen oer de perioade nei 2006. Neffens Nijpels binne der ôfspraken oant it jier 2010, mar it ryk wol gjin inkelde tasizzing dwaan foar nei 2006.