Art Trip Festival yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn alle teaters, musea en it filmhûs yn Ljouwert fynt tongersdei it Art Trip Festival plak. De learlingen fan de boppebou fan middelbere skoallen út Ljouwert en Snits kinne yn de kunde komme mei teater, film, keunst en muzyk.
De ynstellingen hâlde workshops, rûnliedingen en demonstraasjes. Dat bart yn it ramt fan it fak kulturele en keunstsinnige foarming. Doel is fansels ek om de jeugd entûsjast te krijen foar keunst en kultuer.