75.000 euro foar St. Bonifatius

© Omrop Fryslân
De Stichting Bonifatius Herdenkingsjaar krijt nei alle gedachten 75.000 euro fan it Europees Parlemint. In kommisje fan it parlemint stimde tongersdei yn mei it bedrach. It beslút moat noch befêstige wurde troch it parlemint. De 75.000 euro is bestimd foar aktiviteiten takom jier op fjouwer lokaasjes, ûnder oare yn Dokkum. It bedrach giet nei de Bonifatiusbetinking op foardracht fan CDA-europarlemintariër Maria Martens.