Iepen dei Philips giet oer

02 okt 2003 - 00:00

De iepen dei by Philips yn Drachten giet kommende sneon net troch. It produksjepersoniel hat gjin sin om gasten yn de fabryksgebouwen te ûntfangen en rûn te lieden wylst der ynkoarten 180 fan har út moatte. Ek de belangstelling foar de dei like yn it foar net grut.

Philips makke yn september bekend dat der ynkoarten minstens 180 banen skrast wurde yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)