Lege grûnprizen treffe boeren

© Omrop Fryslân
Boeren dy't ophâlde of emigrearje wolle, wurde slim troffen troch de hieltyd legere grûnprizen. Dy binne de lêste twa jier mei 40 oant 50 persint sakke. Ek de fraach nei buorkerijen is in stik leger as in pear jier ferlyn.
Boeren dy't emigrearje wolle, stelle dat út of moatte harren yn it bûtenlân tefreden stelle mei in lytsere pleats om't se minder jild meinimme kinne. Ek boeren dy't ophâlde wolle, hâlde folle minder jild oer dan koartlyn.