'Achterstân skoalbern bliuwt'

© Omrop Fryslân
Fryske skoalbern bliuwe troch de oankundige besunigings fan it kabinet sitten mei in taal- en rekken- achterstân. Dat sei Twadde-Keamer-lid Jacques Tichelaar fan de PvdA woansdei by in sympoasium yn Ljouwert.
Tichelaar hie gjin goed wurd oer foar it ûndersyk fan de Fryske Akademy en de Ryksuniversiteit Grins nei de achterstannen yn it ûnderwiis. Neffens him hat dat net folslein west en binne de konklúzjes dêrom net korrekt.