Frysk bedriuw ynset by BASF

01 okt 2003 - 00:00

Pompeleveransier Van Heck fan Noardwâlde springt by by it fabryk fan gemykonsern BASF yn Ludwigshafen, yn Dútslân. Troch de lege wetterstân yn de Rijn hat it kuolsysteem fan it fabryk gjin oanfier fan kuolwetter. De pompen fan Van Heck soargje der no foar dat it wetter it kuolsysteem berikt.

As it fabryk stillein wurden moatten hie, hie dat in skea fan in miljoen euro per dei opsmiten. Der wurdt goed 2000 liter yn 'e minút dertroch pompt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)