Rintje flugger better as tocht

© Omrop Fryslân
Rintje Ritsma tinkt oer twa of trije wiken al wer op redens te stean. Hy wurdt hurder better as ferwachte. Ritsma bruts in pear moanne lyn syn ankel by it kitesurfen op de Iselmar.
De allround-reedrider hat der alle fertrouwen yn dat er op 'e grutte toernoaien dit seisoen noch wat sjen litte kin. Syn achterstân is faaks net al te grut, om't er yn goede foarm wie doe't er de blessuere krige.