AID ûntdekt fraude by greidboer

01 okt 2003 - 00:00

In Fryske greidboer hat foar 70.000 euro de AID oplichte. Dy ûntdiek de fraude by boekhâldkundige kontrôles.

De boer levere 200.000 liter molke fan oare bedriuwen ûnder syn eigen kwotum. De molke waard fia twa hannelers oankocht. Se wurde derfan fertocht dat se molke ophellen by oare boeren dy't boppe it kwotum driigden út te kommen. De molke waard mei falske faktueren levere. De boer en hannelers binne al oanhâlden en ferheard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)