Skoalle poetse; bern frij

01 okt 2003 - 00:00

Ien dy't je hûs fergees skjinmakket, wa wol dat net? It barde woansdei net by ien thús, mar op in skoalle. Basisskoalle De Wegwijzer yn Wolvegea krige in goede poetsbeurt. Plinten, plafonds, flier, ruten, alles waard himmele troch acht meiwurkers fan it jubilearjende skjinmakbedriuw Hago.

It skjinmeitsjen wie de priis dy't de skoalle earder dit jier wûn hie mei in priisfraach fan it Astmafûns. De bern hienen in dei frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)