Wethâlder Lolkema stapt op

01 okt 2003 - 00:00

Wethâlder Lolkema fan Skarsterlân leit per direkt syn funksje del. Hy fynt dat er te min stipe krijt fan de ried foar syn politike funksjonearen. Yn oerlis mei de riedsfraksje fan it CDA en it partijbestjoer hat er it beslút nommen.

Lolkema waard yn maart 2002 wethâlder foar miljeu, ferkear en ferfier, doarpsfernijing en behear. It kolleezje neamt it opstappen spitich. Syn taken wurde foarearst oernommen troch de oare leden fan it kolleezje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)