Ekstraatsje foar minima Ljouwert

01 okt 2003 - 00:00

Minsken yn Ljouwert mei in leech ynkommen krije in bedrach fan 50 euro fan de gemeente. It giet om minsken dy't dit jier gebrûk makke ha fan de saneamde kategoriale bysûndere bystân.

Ljouwert kin it ekstraatsje jaan, omdat de gemeente 163.000 euro fan it Ryk krigen hat om wat tsjin de earmoed te dwaan. Lanlik sjoen hat it regear dêrfoar 20 miljoen euro beskikber steld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)