Solosylrace oer 200 myl

01 okt 2003 - 00:00

Yn goed fjouwer dagen sa rap mooglik sile: dat is de útdaging foar de 69 skippers by de '200-mijl-solo-sylrace'. Yn Muiden binne se woansdei fan start gien. Under har binne ek Friezen.

Se sile op de Iselmar, it Waad en in part fan de Noardsee. Se moatte út fjouwer rûtes kieze. De dielnimmers moatte har alle jûnen melde en boeien op de foto sette om foar te kommen dat se stikken ôfsnije. De wedstriid wurdt foar de achtste kear hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)