Spoekskip yn Harns

© Omrop Fryslân
Al trije jier leit in grut frachtskip yn de haven fan Harns. It is net bekend wêr't de eigner is. Der is ek gjin bemanning of lading. Inkeld is in Panameesk postbusnûmer bekend. De gemeente wol fan it skip ôf. Want it hat al 15.000 euro oan havenjild koste.
Underwilens rustket it skip fuort en ha jongeren de boat fernield. Nei alle gedachten hat de eigner it skip ferlitten om't sloop him te djoer wie.