Les yn 'ynboargerjen'

30 sep 2003 - 00:00

Wat hâldt in ynboargeringskursus yn? Oarstalige studinten fan it Friesland College lieten dat tiisdei sjen oan de gemeenteried fan Ljouwert. De 300 kursisten komme út 60 ferskate lannen, fral út Afrika en Azië.

De gemeenteriedsleden hienen sels om de rûnlieding frege. Se wolle mear grip ha op de ynboargering fan nije Nederlanners. Om dat te befoarderjen meie de studinten sels mei in wurdskat fan tûzen wurden al op syk nei wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)