Oarkonde foar held Floris

30 sep 2003 - 00:00

Floris Dijkstra út Drylts hat tiisdei in oarkonde krigen. It acht-jierrige jonkje rêde yn febrewaris syn buorjonkje Jorrit Adema fan fiif jier. Jorrit wie troch it iis sakke en Floris hat him derút lutsen en nei hûs brocht.

Fia de gemeente is de rêding oanmeld by de maatskippij 'tot redding van drenkelingen.' Boargemaster Reitsma joech Floris de oarkonde en in pinneset. Dat barde yn syn klasse fan de iepenbiere basisskoalle De Kogge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)