Kranten ferlieze abonnees

30 sep 2003 - 00:00

De twa Fryske kranten hawwe it ôfrûne jier in soad abonnees ferlern. Troch de minne ekonomyske tiden wurdt it hieltyd lestiger om minsken oer te heljen in abonnemint op in krante te nimmen. De Ljouwerter krante hat no 2.000 abonnees minder as ferline jier om dizze tiid. De krante wurdt noch wol in soad lêzen mar dan oars; buorlju lêze de krante meiinoar of de krante wurdt los kocht.

It Frysk Deiblêd rekke it ôfrûne jier 200 lêzers kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)