Ferwûnen by Hoarnstersweach

© Omrop Fryslân
Trije minsken binne moandeitejûn ferwûne rekke by in oanriding yn Hoarnstersweach. In 26-jierrige man út dat plak stie mei syn crossauto oan 'e kant fan 'e dyk mei de ljochten oan. Syn heit stie mei de auto oan 'e oare kant fan 'e dyk, ek mei de lampen oan. De manlju stiene achter de auto noch wat te praten doe't in automobilist (32) út Jobbegea boppe op harren ried. Heit en soan rekken swierferwûne. Ek de man út Jobbegea rekke ferwûne.