Bern berôve en lestichfallen

30 sep 2003 - 00:00

Twa tsienjierrige Fryske bern hawwe moandei in minne ûnderfining hân. Op 'e Jouwer is in jonkje berôve nei't er op 'e merke west hie. Hy hie it jild yn in beurske om 'e nekke te hingjen. In ûnbekende man luts him de beurs fan 'e nekke en naaide út. De bút wie twa briefkes fan 5 euro en 50 eurosint.

Yn Stynsgea is in famke lestichfallen troch in 52-jierrige Grinslanner. De man koe oanhâlden wurde nei't har mem de plysje warskôge hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)