Stinzen by Dronryp

© Omrop Fryslân
De Menamer ûndernimmer Bij de Leij wol by Dronryp in tal stinzen bouwe. De monumintale gebouwen binne ornearre foar 'heareboeren' en 'lânadel', sa seit de ûndernimmer. Mei it plan seit er yn te heakjen op de takomstplannen dy't de gemeente hat foar it gebiet.
B en W fan Menameradiel hawwe de gemeenterie frege om tastimming foar de bou. It bestemmingsplan moat nammentlik oanpast wurde. It gebiet hat no noch in agraryske funksje.