Berkhof bout bysûndere bus

© Omrop Fryslân
Bussebouwer Berkhof fan It Hearrenfean bout mei oan in wrâldprimeur. No freed wurdt yn Apeldoorn de earste stedsbus presintearre wêrfan it tsjin tagelyk ek de motor is. De bus rydt net op in dieselmotor, mar op elektrisiteit. De bussjauffeur hoecht net te skeakeljen.
It giet om in proef. In bedriuw út Apeldoorn bout de oandriuwing, mar Berkhof leveret de bus. As de proef in súkses wurdt wol Berkhof de hiele bus mei motor yn produksje nimme.