Skeel oer hûs yn Holwert

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel hat der ek skuld oan dat in monumentale wente út 1820 yn Holwerd net opknapt wurdt. Dat lit de hûseigner bekendmeitsje. It hûs is der sa min oan ta dat der koartlyn al dakpannen ôffallen binne.
Neffens de gemeente is der subsydzje foar de restauraasje, mar wurket de eigner net mei. De eigner seit dat it jild al útjûn is oan in oar projekt. De gemeente soe fierder gjin kontakt mei de eigner socht hawwe.