Man slacht mei hammer

© Omrop Fryslân
In 43-jierrige man út Ljouwert is sneintemiddei mei de dea bedrige. In ûnbekinde man kaam by him oan de doar mei in hammer yn 'e hân. De bewenner naaide út, mar de 'hammerman' gie achter him oan. Eefkes letter krige er de Ljouwerter te pakken en sloech him yn it gesicht.
De plysje koe de fertochte oanhâlde en hy sit noch fêst. Wêrom't er de Ljouwerter mei de dea bedrige, is noch ûndúdlik.