Plan foar nije priveeskoalle

© Omrop Fryslân
In tal âlden wol in nije basisskoalle oprjochtsje foar Ljouwert en omkriten. De grûnslach fan dy skoalle is it 'iederwijs'-learprinsipe. Neffens inisjatyfnimster Lucy Schaakhok stiet dat foar yn frijheid leare.
It 'iederwijsprinsipe' wurdt kenmerke troch in seistal v's, ûnder oare troch veilig, vertrouwen en verrijking. Op 30 oktober is der yn 'e Pabo yn Ljouwert in ynformaasjegearkomste.