Ploeg wol ôf fan NUON-oandielen

29 sep 2003 - 00:00

De provinsje Fryslân moat de oandielen yn enerzjybedriuw NUON ferkeapje, fynt deputearre Ploeg. De provinsje hat 12,5 prosint fan 'e NUON yn hannen. Mei dit minderheidsbelang hat de provinsje neat te sizzen. Mar se wurdt wol oansprutsen op problemen mei de stroom, sa seit Ploeg.

Yn Provinsjale Steaten liket gjin mearderheid te wêzen foar Ploeg syn plan. PvdA, FNP, SP, ChristenUnie en Gemeentebelangen Fryslân binne tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)