Ploech Ebbens fjirde op NK

© Omrop Fryslân
De hurdfytsers fan Otto Ebbens fan De Westerein waarden sneon fjirde op it NK tiidriden foar clubteams yn Dronten. Nei 54 km wie de titel foar de hurdfytsers fan De Peddelaars fan Hoogeveen mei Erik Dekker.
De seis fan Ebbens: Sierd Steigenga, Eelke van der Wal, Germ van der Burg, Sierk-Jan de Haan, Lambertus Koopmans en Johan Heslinga, hiene in achterstân fan 24 tellen op de winners. Se riden dus krapoan 53 km yn 'e oere.