Brommerrider naait út

28 sep 2003 - 00:00

In brommerrider dy't sneontejûn belutsen wie by in oanriding op de suteldyk fan de Ryksstrjitwei yn Noardburgum, is nei it ûngemak útnaaid. De brommer helle in fytser yn, mar dy waard oanriden troch in auto dy't him yn 'e mjitte kaam.

De brommer rekke yn de sleat en de bestjoerder sette ôf doe't er yn 'e rekken krige dat de plysje derby helle waard. De brommer is yn beslach nommen. De plysje siket de bestjoerder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)