'Te gau besunigje op Frysk'

27 sep 2003 - 00:00

Oerheden besunigje te gau op it Frysk. Dat sei foarsitter Roel Falkena fan de stifting Slach by Warns sneon by de jierlykse betinking op it Reaklif. Neffens Falkena gie it de lêste jierren de goede kant op mei de ynhelslach fan it Frysk en is de taal populêr, mar wurdt der no't it ekonomysk tsjinsit, wer te gau op besunige.

Under de 150 besikers binne ek Friezen út East- en Noard-Fryslân yn Dútslân. Se binne hjir fanwege it Frysk Kongres.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)