Ekologyske struktuer grut súkses

© Omrop Fryslân
De ynrjochting fan de ekologyske haadstruktuer hat ek foar Fryslân it grutste súkses fan it natoer- en miljeubelied fan de ôfrûne 25 jier west. Dat sei Ultsje Hosper fan it Fryske Gea yn reaksje op in ûndersyk fan it VARA-radioprogramma Vroege Vogels, dat 25 jier bestiet.
Oare súksesfolle projekten binne it skjinner wurden fan it oerflaktewetter en de nije regels foar natuerbeskerming lykas de Habitat-rjochtlinen.