Gjin diskusje oer 'Interview'

27 sep 2003 - 00:00

By de Ljouwerter premjêre fan de film 'Interview' freedtejûn wiene regisseur Theo van Gogh en syn maat Emile Ratelband oanwêzich. Se kamen nei Ljouwert ta om de film ta te ljochtsjen en dêroer te diskusearjen mei it publyk. De diskusje bleau lykwols út. Ratelband die ek net mei, dy wie mei foar in jûntsje op stap.

Haadrolspilers yn 'Interview' binne Pierre Bokma en Katja Schuurman. De film is yn fiif nachten opnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)