Ytmaraton yn Riis

27 sep 2003 - 00:00

Acht minsken binne freedtejûn yn Hotel Jans yn Riis út ein set mei in ytmaraton fan 24 oeren. Mei inoar priuwe de dielnimmers 96 gerjochtsjes en like folle soarten wyn. Ite oant je der by delfalle dus en dat foar in goed doel: de Nierstifting.

De dielnimmers krije om it kertier in gerjocht en in slokje wyn. Taktiken om it goed fol te hâlden, binne goed kôgje en rjochtop sitten bliuwe. De ytmaraton hat 5800 euro opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)