Cambuur - Top Oss: 0-0

27 sep 2003 - 00:00

Nei de knappe 1-2 oerwinning foar de beker, ôfrûne tiisdei tsjin Haarlem, moast Cambuur freedtejûn alwer los foar de kompetysje. Yn it eigen stadion wie Top Oss de tsjinstanner. Jan Bruin en Ruben Schaken stiene wer yn de basis.

Eins hie Cambuur winne moatten om noch wat te klimmen yn de ranglist, mar it bleau 0-0. Yn de earste helte krige Cambuur twa kânsen, mar wist se net te benutten. Michel van Zundert krige in reade kaart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)