Keramykwinkel by Princessehof

© Omrop Fryslân
It ierdewurk en keramyk fan Keninklike Tichelaar Makkum is fan takom jier ôf ek te keap yn keramykmuseum it Princessehof yn Ljouwert. Tichelaar iepenet nammentlik in eigen geskinkewinkel by it museum.
De winkel komt yn de romte dêr't no noch it museumrestaurant festige is. De winkel past goed yn it nije ferkeapkonsept fan it ierdewurkfabryk. Tichelaar wol mear eigen winkels iepenje.