Mooglik referindum oer wynmûnen

26 sep 2003 - 00:00

De gemeente Gaasterlân-Sleat hâldt mooglik in referindum oer de komst fan wynmûnen. Dat seit wethâlder Sprik fan de gemeente. In enkête is ek in opsje.

Tiisdei wol Sprik fan de riedsleden witte oft sy foar wynmûnen yn Gaasterlân-Sleat binne. As de gemeenteried yn mearderheid foar is, dan wol de wethâlder dat dêrnei foarlizze oan de ynwenners fan de gemeente. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders is sels ferdield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)