Trochstart Thialf net yn gefaar

© Omrop Fryslân
De trochstart fan iisstadion Thialf liket net yn gefaar te kommen troch it útstel fan betelling dat tongersdei ferliend is oan sport- en rekreaasjesintrum Thialf BV, ek wol it âlde Thialf neamd.
Alle aktiviteiten en de gebouwen sitte al yn in nije BV as ûnderdiel fan it rêdingsplan. Bewâldfierder Rotshuizen stiet posityf tsjinoer dat plan. Hy sil noch prate mei accountant Bonnet dy't beslach lein hat op Thialf-oandielen.