Frysk Kongres fan start

© Omrop Fryslân
Hoe geane bedriuwen, oerheden en oare organisaasjes yn Fryslân om mei twatalichheid en de Fryske kultuer? Dy fraach stiet it wykein sintraal op it Frysk Kongres fan de Fryske Rie, dat de titel 'In Gastfrij Fryslân' hat.
Deputearre Mulder fan kultuer en toerisme iepene freed it Kongres yn it Van Hall ynstitút yn Ljouwert. Minsken dy't yn Fryslân komme te wenjen, moatte de Fryske taal yn alle gefallen passyf behearskje, sa sei Mulder.