"Paralleldiken moatte feiliger"

26 sep 2003 - 00:00

Doarpsbelang Hallum freget de provinsje de feiligens op de paralleldiken fan Hallum nei Ljouwert te ferbetterjen. Neffens Doarpsbelang moat de maksimum- snelheid fan 80 nei 50 km yn it oere ferlege wurde. Boppedat soe it lânbou- ferkear safolle mooglik fan de paralleldiken ôfhelle wurde moatte. In soad bern fytse oer de diken nei skoalle. Ferline wike kaam in jonkje (12) op de paralleldyk by Britsum om it libben by in ûngemak mei in trekker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)